A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Jeltsje en Jantsje

troch: Tiny Mulder

Yn Surhústerfeansterheide
Wenje noflik mei har beiden
Jeltsje Styp en Jantsje Stobbe,
Sliepe yn in âlde tobbe,
Sitte op ‘e tafel en iten fan ‘e stoel
En alle minsken sizze:
‘O, wat is it dêr in boel!’

 

De tsjettel stiet op ’t kammenet,
De hinne briede yn ’t buffet,
De klean ha se yn ’t koalehok
En yn it bedstee stiet in bok.
Alles is frjemd dêr en stiet op ‘e kop.
En alle minsken sizze:
‘Wannear hâldt dàt ris op?’

 

De kachel baarnt by ’t simmer,
Mar winters dat is slimmer
Dan sitte hja te klomjen,
Nachts wekker, deis te slomjen.
Alles is nuver en glêd, glêd ferkeard.
En alle minsken sizze:
‘Hoe ’t dat dêr ris beteart!’

 

Yn Surhústerfeansterheide
Wenje noflik mei har beiden
Jantsje Stobbe en Jeltsje Styp.
En hja sizze: ‘Ik begryp
Wier net wat de minsken wolle.
Wy ha wille, o sa folle
En wat giet it oaren oan?

’t Libben noasket ús sa skoan.
En wy libje mar ien kear,
Mar dan ’t leafst op ús manear.’


út: Poëzij op ‘e planken, 2007

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.