A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Itensiedles

troch: Giny Bastiaans

Us mem wie o sa op it skik,
‘k woe pankoekbakken leare.
Ik sei dat ik it sa moai fûn,
se yn ‘e loft te kearen.


Us mem seach frjemd, mar sei tsjin my:
Begjin mar tee te setten.
‘t Wie net myn plan, ’t is ien kear sa,
ús mem makket de wetten.


Doe ha ik sipels bakken leard,
hoe fiis my dy ek smeitsje.
Ik joech net op, ik sette troch
myn dream oait wier te meitsjen.


Freed makke ik fyftich sprútsjes ta.
Sels it trenen sjitte litten!
‘k Woe trochgean mei de kôkkursus,
oars koe ‘k myn plan ferjitte.


Mem naam my hjoed eksamen ôf,
diploma pankoekbakke.
Ik ha op myn hân in grutte blier.
Wat tochst? Ik bin net sakke.


No is it einlings dan sa fier,
dat ik Berber freegje doar.
Want sy is gek op pankoeken.
En dy bak ik dan foar har.