It wie winter en se sei ‘nee’.
De jonge hie in nuete krie,
dy’t middeis op him wachte.
Woe se him sjen?
Se sei ‘nee’ en wist net wêrom.
Yn har dreamen wienen
gjin jonges mei in krie of
mei sokke griene eagen.
Hy wie lang en tin,
seach oer alle oaren hinne
en die net mei.
Se pleagen him net,
oars dienen se it mar,
hy hie syn krie,
hy frege har.
Se hie ‘nee’ sein,
De oaren hienen lake
om har, om him,
omdat er oars wie,
net hie wat alle oaren hienen,
net woe wat alle oaren woenen.
Hy soe gedichten lêze,
in ein rinne oer it strân,
allinnich of mei har,
as se ‘ja’ sein hie,
oer de streek stapt wie,
dy’t oaren lutsen hienen
yn it wiete sân.
Se soe ‘ja’ sizze,
se woe witte,
har ferlieze yn syn romte:
hy soe har heine.
Se seach him,
Hy rûn mei in freon.
Se tuten.