A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It sportkompleks

troch: Janke Nicolai

Dat geëamel fan ús heit
oer myn omhingjen op ‘e bank,
de oerkes efter de kompjûter,
de kondysje dy’t ik ha…
Om fan it geseur ôf te wêzen
gean myn broer en ik
trije kear wyks
nei it sportsintrum ta.

Wy bouwe oan ús kondysje
‘spinning’, ‘fitness’,
alle kearen wer wat oars.
Us trenen docht fertuten.
It ein fytsen nei hûs
dogge wy no
mei twa fingers yn ‘e noas.

Tsjinoer my, by ‘spinning’,
sit altyd in famke
mei blauwe eagen, donker hier
en tosken wyt as kryt.
Har namme is Annabeth.
Moarn ha ‘k mei har in ôfspraak…
Ik moat bekenne,
it idee fan it sportsintum
wie sa gek noch net!

(famke kin ek yn jonge feroare wurde.
Har namme is Annabeth wurdt dan:
Syn namme is Fred, Seth of Gjet.
Moarn ha ik mei har in ôfspraak wurdt:
Moarn ha ik mei him in ôfspraak)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.