A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It skiere lân

troch: Sjoerd Spanninga

’t Wurdt hjerstich oer it fjild
de wrâld bestillet ta in frjemde dize
pleatsen steane
der fersille hinne
âld en skier
en oan de loft hinget in giele sinne
in grouwe spinne
gluorket nei har bút
mar jûns dan fjurket de lânsdouwe
soms troch klear ferile ljocht
en fonkeljende miggen fleane
ûnfertocht
yn gouden triedden
webjend út de kime
om de ierde trillet no
in strieljend net
oerdei lykwols pinsielet in sjineeske wize
alhiel ferskime
fyn en tear
syn byltenis op ryspapier
dit binne dagen dat de tiid ferstjert
en ivichheden wer har wêzen winne
it kriten fan de kobben as in kritend bern
is alles wat men heart
it bline kriget eagen om te sjen.

(Út: Samle fersen)