troch: Sigrid Kingma
By buorman yn it pikehok De hinnen lizze echt gjin aaien By it fuorjen wurdt der slein En as it dalik tsjuster is It is ûnder dy fearren kâld net earder publisearre
dêr kenne se gjin rêst en frede
it is dêr altyd o sa drok
elk falt de oare yn ‘e rede
want ja, de nêstkast is sa goar
wyfkes leare ek al kraaien
se ha de pik wer op mekoar
fearren misse út de sturt
froulju fjochtsje sûnder ein
alle dagen hurd tsjin hurd
dan gunt net ien in oar in plak
op ‘e stôk giet it gau mis
mei sáfolle ûnder ien dak
al dy striid, is dat no winsklik?
Is dan dochs de pikewrâld
net ek in bytsje minsklik?