A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It moaiste famke fan ’e klasse

troch: Froukje Postma

Alle jonges binne
fereale op dy.
Mar dyn moaiste glimp
is allinnich foar my.


Sûnder te tinken,
paksto myn hân.
Sûnder te witten,
setsto myn lea yn ’e brân.


Gibeljend flústerest in
antwurd yn myn ear.
Ik lústerje sekuer mar wit
myn fraach al net mear.


Do sjochst my stean,
mar ek wer net.
Do kinst myn gedachten,
mar net myn hert.


Ik wol it wol sizze,
mar krij daliks wer spyt.
Bang as ik bin,
ik wol dy net kwyt.


Sa ûnberikber, en
dochs ek sa tichtby.
Sa moai asto glimkest,
ûnskuldich nei my.


Do, do bist it aldermoaiste
famke dat ik ken.
En ik? Ik bin al jierren
dyn bêste freondin.