A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

it libben scrollt foarby 

troch: Anne Heegstra
fleurich, soms ferwûndere 

scroll ik oeren op myn tiidline

fan boppen nei ûnderen



hij stiet wer fol mei feed

dy’t in belutsen freon

beslist net misse wol



kykjes fan kekke kleanoankeapen

kappersbesite, fan dat coole merk

pear nije gympen en mei Tsjerk

echt te gesellich earne ite



Femke mei elektryske fyts útsykje

freondintsje Silvie post super moaie selfie

en buorfrou harren famke mei de fraach

op wa soe ús Lieke no wol lykje



Fleurke kin wol fleane

tûzen flinters yn har liif

mar Jitske kin wol janke

foar Frânsk net iens in fiif



ik like en swipe dat it in lust is

myn tiidline stiet wer fol mei feed

dy’t ik net heal dochs misse wol



fleurich, soms ferwûndere

scroll ik werklik hiel sosjaal

oeren fan boppen nei ûnderen



Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.