troch: Jurjen van der Meer
Heit soe foar mem in kastje meitsje, ‘In efterkant en trije laadsjes, Allinne mar in skroevedraaier. Want rjochts waard foar en ûnder efter. De trui kaam út en mem brocht kofje. En nei de hammer en de seage Heit hat foar mem in kastje makke.
in soartemint fan boupakket.
Der siet in boekje by mei plaatsjes,
mar heit sei: ‘Nee, dat hoech ik net.’
wat plankjes en it doarke foar,
in ûnderkant mei lytse poatsjes…
Ik ha dat ding sa yn elkoar.’
It oare ark wie om ‘e nocht.
Mar nei in lyts healoerke passen,
wie ‘t putsje dreger as heit tocht.
De doar siet bryk en op ‘e kop.
‘t Untwerp siet fol mei lytse flaters,
de kast stie skeef en bleau mar slop.
Ús heit seach frjemd en yn ‘e war.
Wy mochten net mear yn ‘e keamer.
It duorre en it duorre mar.
helle heit hout en in skarnier.
Hy boarre trije nije gatten,
der kamen skrassen op ‘e flier…
In soartemint fan boupakket.
It waard hiel oars as yn de folder.
Mem hat ‘m yn ‘e garaazje set.