net earlik is it
samar wol de iene
lân fan de oare hawwe
net leaf is it
samar wol de iene\
de oare dea hawwe
sear docht it beide
winne sil gjinien
en ik ha in stien
yn myn mage
yn myn hert
sa moat it net
lit se prate
lit se harkje
lit se swije
wês wiis grutte minsken
hear nei ús winsken
gjin oarloch mar frijheid
waarmte om it hert
wille sûnder smert
leafde en respekt
it giet om earlik diele
it lân net ferniele
de tiid net fergrieme
kinne wy boartsje as bern
dan is neat ferlern