A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It hynder

troch: Tsjits Peanstra

Doe’t de earste nachtfroast kaam
en âlde blêden
nei ûnd’ren toarken út it wurge hout,
de gerzen glâns ferlearen,
kleur oannamen fan de iere wintermoarn,
doe seach ik dy.
Sa stil asto dêr stiest,
hast sûnder wêzen,
hie ik dy iuwen, iuwen earder kend?
De moannen en de sturt tearwyt beferzen
as wiesto nachts feroare yn in byld.
Ik koe net oars,
streake dyn hals, dyn wang,
lei oer dyn rêch in waarm en wollen tek,
om dy te hoedzjen tsjin de fine kjeld.
Ynienen rûn in huvering oer dyn fangen,
de noasters brutsen iepen,
trillen nei en út dyn kiel
kaam sok weemoedich wrinzgjen,
as kaam it út de yngewanten wei.
Doe ljeptest fuort, de frijheid yn ‘e mjitte,
op aventoer yn ûnbekende fierten.
út: Neierhân, 1999