A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It hûs

troch: Tsjits Peanstra

Der lei oer d ‘âlde stêd in bleke skyn
de deis doe’t hja weromkaam út it easten
mar nimmen wachte dêr om har te treasten
it plak te wizen wêr’t se wenne hien’.

 

It hûs – wie dit it hûs – hja wist it net
gjin ruten en gjin doarren, bline eagen
it griisde har temjitte dizze leagen,
it hûs wie no in meunster sûnder hert.

 

Hja woe de oarsprong sykje, al de oaren
de stim fan heit en mem noch ienkear hearre
mar ’t bleau deastil, noch stiller as tefoaren.

 

– Do bist in Joad, do biste dea ferklearre –
en yn gedachten sjocht se wer de treinen.
Hiel sêft begjint it bûtendoar te reinen.

 

(Út: Neierhân, 1999)