A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

it hôf

troch: Arjan Hut

soene de deaden

op it hôf, ûnder brike stiennen

tusken de keale wylgen

harkje kinne nei ús stimmen?

 

soene se skrikke

fan de ferwiten

dy’t wy inoar

om de earen slingerje

 

wy, hittepetitten, gelykhellers

en betterwitters

sa’t we tsjotterje en tikje

links hat it dien!

rjochts hat it dien!

 

links, rjochts

links, rjochts

it liket wol marsjearjen

 

links, rjochts

links, rjochts

foarby it hôf

oer suterige paden

dêr’t gjin siel komt

om it gers te meanen

of de dyk te ûnderhâlden

 

links, rjochts

foarby it hôf

dêr sweve de geasten

tusken brike wylgen

boppe kâlde stiennen

 

links, rjochts

soene se ús hearre kinne

soene se tinke

minsken, wat ha jim leard

wêr sil dat hinne

wa hat jim ferbean

om ris stil te wêzen?

wa hat jim ferbean

om stil te stean?