A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It helpt net

troch: Wilco Berga

It helpt net om slûzen ticht te laskjen,
it wetter giet op en del wannear’t ik dat wol.
It helpt net om fleanrûtes op te heffen,
de fûgel komt altyd wêr’t er wêze wol.
It helpt net om alle beammen te roaien,
it grien komt werom mei dûbele krêft.
It helpt net in mins it wurd ôf te nimmen,
it lûd fynt oeral in iepen rút.
It helpt net de jazz ta swijen te bringen,
noch lang nei de dea spilet Monk as in god.
It helpt net om alle gerdinen te sluten,
de sinne smyt wol in stien troch it rút.
It helpt net om doarren te barrikadearjen,
de tinzen dûke op wêr’t se mar wolle.
It helpt net om nacht en dei te skriemen,
fûl blinkend swimt it tsjin de streamen yn.
Slaan wyld op it wetter, stek it yn ‘e brân,
brek tunnels en brêgen ôf it helpt neat!
út: De Moanne, 2011