A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It hâldt

troch: Gryt Witbraad

De dei hat kleuren fan blau
en pears
it reid stiet giel as strie
tsjin ’t doarp


it iis leit as in flier
like griis en glêd as ruostfrij stiel
mei fine naden laske

 

fannacht ha wy it skuorren heard
doe waard it kistwurk makke


sa fier ast sjen kinst
hearst it sluorkjend lûd
fan redens


oare lûden binne fan de trein
hiel yn ‘e fierte komt er
widzjend oer de smelle reels
en dinderjend oer de spoarbrêge
hjoed ride wy der rjochtop ûndertroch
of fierder


want de baan is útset
se hawwe tûken om ‘e wakken lein
it hâldt

 

(Út: Skoskerinne troch de tiid, 2000)