A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

It famke

troch: Elske Kampen

Sy is it flinterflugge famke, dat lykas
streamend wetter oer de diken draaft.
Har fuotten meitsje weachjes yn it sân.
Blau mei sulvertriedden is har spikerjas,
ljocht as farske molke har lang hier en
sterk en bûchsum yn ‘e wyn har rêch.

 

Altyd hastich is se, altyd ûnderweis nei
huzen dêr’t se freonen fynt, nei tunen
dêr’t de sinne skynt of in feest begjint.
Oeral sjochst har kommen, oeral gean.
Siket om in plakje elke dei opnij, dêr’t
se dûnsje kin en lekker gek dwaan mei.

 

Want oan ‘e ein fan alle dagen wachtet
har it deastil hûs. Dat grypt har en dat
fangt har en yt har mei syn swarte mûle
altyd op. Dêr is it tsjuster en befriest se.
Dêr wachtet har in stilsteand swijen en
sjogge koele eagen har fan ôfstân oan.

 

Mar sy is it flinterflugge famke en giet
as streamend wetter oer de dyk. Ienris
sil se hiel hurd drave en dan sjocht se
net mear om. Ienris flocht se hiel fier
fuort en komt se net werom.

 

net earder publisearre