der dûnset in ballontsje
troch de strjitte, flinterlicht
in toutsje oan syn kontsje
en in laits op it gesicht.
hy hat in protte wille,
rollebollet oer ’t trotwaar.
de wyn kin him wol tille
it is lekker simmerwaar.
hy faget in menhearke
gau in dripke fan ‘e noas,
dy ropt wol lûd: ‘och hearken’
mar is hielendal net boas.
hy wiuwt omraak mei ’t toutsje
wilewarljend op ’t balkon
en wipt by beppe Doutsje
op it huodsje; dy ballon.
in jonkje wol him pakke
by dy sloppe slingersturt.
de lytse rûne rakkert
wyndert op ‘e tiid wer fuort.
mar spitich, nei in skoftke
fljocht er, floep, in hoekje om
in toarnehaach, in plofke
en plat is de ballon.
(Net earder publisearre)