A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ingels

troch: Auck Peanstra

Us mem seit: ‘Der binne ingels.’
Echt wier, en se leaut it ek.
‘Ingels liede dy troch ’t libben.’
Mem, tink ik, praat net sa gek.
En dan komt se mei bewizen:
doe en doe, en sa en sa.
‘In kwestje fan gelok’, sis ik.
Wol ’t der fierder net oer ha.
Mar dan, ûnderweis nei skoalle,
it paad lâns de grutte wei.
Dêr hearde ik piipjen, remjen,
in geweldich stik lawaai.
Ik seach efterom, dy frachtwein!
Hy hie gjin macht mear oer ’t stjoer.
Mei yslike lûden skeat er
sigesaagjend de bermkant oer.
‘k Stie ferlamme, koe net tinke,
ik hie gjin inkelde kâns!
Doe dy wynfleach, sa fansiden.
De truck skeat by my lâns.
’t Skeelde mar in heale meter
of ik hie hjir hjoed net stien.
Hoe’t it kin? Wa sil it sizze,
ik liich net, sa is it gien.
Us mem seit: ‘Dat wie in ingel.’
’t Klinkt ynienen net mear gek.
‘k Sil it net langer ûntstride,
ingels, ja, ik leau it ek.
net earder publisearre