troch: Atze Bosch
It bliuwt my hiel myn libben by, de dei No priizje minsken my om stam en stal, Mar nimmen tinkt deroer hoe’t ik my fiel. Och, oan myn dea ta sil dit plak my hechtsje…. út: FeRsefariaasje, 2005
doe’t op dit stee in grutske heit my plante
as bertebeam, – it stie sels yn ‘e krante -;
mar heit en soan, se binn’ al tiden wei.
om skaad en koelte yn ‘e simmerhjitte,
om hoe’t by ‘t hjerst myn kleuren moai fersjitte,
om myn skelet yn ‘t blêdleas ynterfal.
Ik woe it leafst myn iensumens ûntflechtsje
en libje yn in bosk nei myn begeart’
mei soartgenoaten yn in geef gehiel.
dan leit de seage al myn ringen bleat.