A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

In hûs

troch: Syds Wiersma

In hûs in pleister
oer de skrammen
dy’t skrine
ûnderweis.

 

In hûs in wrâld om
te boartsjen
te sykjen
en soms te finen.

 

In hûs sa faak
in finzenis
in doelwyt
in needlot.

 

In hûs in nachtlike flecht
oer ferbaarnde dreamen.

 

In hûs in tinte
in doaze
in tekken
in stek om de kampeminten.

 

In hûs de hope op
in hûs
in frije trochgong
in bemoedigjend wurd
in waarm miel.

 

In hûs in kaai.

 

Us hûs
sa faak in slot
fan taal en tekens dy’t roppe:

 

HOHO, GENOCH, TEFOLLE.

 

In hûs in hân oer it hert
op ús nuodlike paad:

 

wy dreamers, bouwers
en bombardearders

 

fan huzen, safolle huzen

 

de kaaihâlders
de kaaiboskrattelers.

 

net earder publisearre