A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

In eigenaardich doarp

troch: Auck Peanstra

Yn it doarpke dêr’t ik wenje
binn’ in protte minsken ûngewoan,
der binne fansels ek wol oaren,
mar de measten mankearret dochs wat oan.

 

Nim bygelyks Gerrit Hupke,
dy man dy giet dûnsjend oer de dyk.
Soest tinke: wat in fleurich mantsje!
Mis, syn beide fuotten stean sa bryk.

 

Foekje hat it hûs fol katten.
‘Feitlik’, seit se, hâld ik mear fan kij, mar dat
binn’ sokke grutte bisten,
dan kin ik der sels hast net mear by.’

 

Grytsje hâldt in soad fan blommen,
oeren hat se wurk mei wetterjaan.
Je moatte dêr op in blompot sitte,
sels hinget se yn in liaan.

 

Sipke sparret âlde klokken,
hy rint betiden sels net lyk,
se slane alle fiif minuten,
om it oere spylje se muzyk.

 

No, dan hast noch grouwe Sybrich,
sa’t de namme seit, beslist net tin.
Sybrich is sljocht op sûkelarje,
de flibe dripket har fan ’t kin.

 

Se freegje wolris: ‘Meist dêr wat wenje?
Sokke frjemde minsken, ’t is in griis!’
‘Och,’ sis ik, ‘wa’t hjir stiet foar te dragen,
sis no sels, is dy eins wol goed wiis?’

 

út: FeRsefariaasje, 2001