Ik sjoch dy stean
te tieren
Nee, ik rin net fuort
Mei beide fuotten op ’e grûn
net beferzen as de snie
dy’t ôfstekt by dyn swarte poaten
Kalm sjoch ik dy oan
Moast net miene
dat ik eangst ha
of datsto it winne kinst
want ik
bliuw stean
Oant it wer stil is
rêstich
Dyn bek wer ticht
Ik sil dy leare
as in wiere Pavlov reaksje
Dat ik dan pas fierder rin
Oare minsken rinne wòl troch
Hast se fuortjage
tinksto
Mei dyn swarte kop
mei dyn blaffen
En dus bliuw ìk stean
…
Doarde ik thús ek mar
stean te bliuwen
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023