A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ik mis dy

troch: Marije de Lange

wêr bist?
bist ferhuze
nei de himel?


nei in oare stêd
in oare planeet
nei in oare diminsje?


wêr bist?!
ik mis dy sa en alle dagen
mis ik dy mear
sa as de woestinen
de rein misse


en alle dagen
as ik troch dyn strjitte fyts
of by de byb del dan sjoch ik dy
hear ik dy laitsjen


wêrom koest net bliuwe?!
neat wat ik doch of fiel fielt oait
sa’t ik it mei dy fielde


ik sliep noch hieltyd
mei in brutsen hert


wêrom koest net bliuwe?!
do hast my yn ‘e steek litten
ik mis dy sa
fata morgana yn ‘e woestyn


do pastest presys yn myn wrâld
mar de wrâld paste net


by dy.