Fongen yn de koker fan it tsjuster
ryd ik by dy wei
beammen as mânske traaljes oan myn flanken
swart is de wei dy’t ik gean moat
eangst heazet my yn ’e kiel
Ik jou gas.
‘Gong is alles.’ seit ús mem altyd
mar ik wol by dy bliuwe
reade eagen foar my
knipperje net ien kear
ik stoarje my blyn
op de ljochten fan in oar.
Ier of let
Ik kom werom
Ik freegje dy
ferjit my net.
Ik strui krommels op myn paad
Ik skras linen op de kaart
do bist alles alles wat ik bin.
Publisearre yn Ferstival 2023