A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ik haw te min

troch: Kike

Ik kin dy no net belje hear,
myn beltegoed is op.
Myn bûsjild is der ek al troch:
de wyklikse strop.


Myn kast is fol mei âlde klean,
dy doch ik echt net oan.
Ik moat in nije outfit ha;
ús mem fynt my bedoarn.


Myn walkman en de MP3
binn’ net safolle brets.
In i-pod moat ik hawwe,
oars bin ik âlderwets.


Kompjûters fan ferline jier
dy binne echt net cool.
Der moat in nijen komme;
snapst wol wat ik bedoel.


De sportbroek is my fierste lyts,
dat is in stom gesicht.
In nijen moat ik sels mar helje,
dat is in min bericht.


Myn fyts mei acht fersnellingen
dy trapet och sa swier.
Mar ‘k mei fansels gjin oaren ien;
dat duorret wol fiif jier.


Us heit en mem dy snappe net
dat ‘k sa net meidwaan kin.
Ik rop en raas, ik skel en rach:
“Sjoch dan, ik haw te min!”


En witst wat se dan sizze?
“Och, stel dy net sa oan,
dan sikest mar in baantsje,
om ús direkt mar, moarn.”


Dan moat ik wurkje seker.
Dat doch ik dus ‘mooi niet’.
Dat kostet my myn frije tiid,
dy wol ik echt net kwyt.