A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun

troch: Jan Kooistra

Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei hjerstich tried fan reachfyn goud.
Ik ha de tonge fan dyn tinzen preaun,
en foar dy in himel boud.

Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei inket, ynlik read, fan ’t sap Ășt elzehout.
Ik ha de lippen fan dyn leafde preaun,
en fan dy al dat jout.

Ik ha dyn namme noch mei triennen wreaun,
en de smaak noch yn ‘e mĂ»le preaun,
en de glĂąns noch yn myn eagen hĂąn.

Mar troch de westewinen is er treaun,
en mei wolken fol fan wjitte is er dreaun,
en yn stiltme fan in storeen stoarn.

Ășt: PoĂ«zij op ‘e planken, 2007