A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ik fyn dy net werom

troch: Berber Spliethoff

Ik fyn dy net werom.

Itselde gesicht.

Deselde hannen.

Gjin werkenning.

 

Ik fyn dy net werom.

Deselde klean.

Itselde hûs.

Do bist net thús.

 

Ik fyn dy net werom.

De spultsjes dy’t wy diene

stean ûnwennich yn ‘e kast.

Gjin beppegrapkes mear.

 

Ik fyn dy net werom.

Feale foto’s oan ‘e muorre;

ferfleine tiid beferzen.

Do lakest net.

 

Ik fyn dy net werom.

Ek al seit mem datsto it bist.

Ek al fertelt pake deselde ferhalen;

Oer dy, oer jim, oer ús.

 

Do bist der net.

Mar ik bin der wol,

foar dy.

Wol in tút

fan my.