A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

ik bin it wetter

troch: Gryt Witbraad

ik bin it wetter
benim my net de yllúzje
as stoarmen my swypkje
te’n lêsten in wâl te finen


want ik slach tsjin de dyk
klim by basalt omheech
wurd ik de djipte ynskuord
ik bliuw mysels


bats sear tusken skippen
yn frjemde havens
ferdwyn yn in see
fan mannichte


ik sykje net om hâldfêst
want ik bin wetter
ik rin wêr’t de tijen my stjoere
bytiden rivier, dan oseaan


djipblau en kâld lis ik
simmers as tin lekken
oer ’t strân en boartsjendewei
komt de moanne, lûkt en triuwt


my troch wjitterings
nei de mar, dêr’t fan ûnwennigens
al myn fingerseinen har kromje
om reiden snaren


dy’t spand binne foar my
ik spylje foar dy en do seist:
rêst no mar wetter
ik bin de wil


(net earder publisearre)