A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

IIsfûgel sjocht iisfûgel

troch: Eppie Dam

Ik sit boppe ’t wetter
foaroer op in prik
en sjoch yn ‘e spegel
in fûgel as ik:

 

 

Stielblau is syn pakje,
de helm op syn kop;
syn lyfke oranje
en sniewyt it krop.

 

 

Te lang is syn snavel,
syn sturtein te koart;
it sil wol sa hearre –
al bliuwt it apart.

 

 

Hij sit hjir gefaarlik,
syn kop wurdt te swier;
‘t is krekt oft er kipert…
pas op, de rivier!

 

 

Ik sit boppe ‘t wetter
foaroer op myn prik,
dêr swimt troch de spegel
in skoandere fisk!

 

 

Ik stoart fan myn tûke!
Myn snavel te lang…?!
Lit mij mar ris dûke –
moatst sjen wat ik fang!