A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Hynder

troch: Jouke Douwe de Vries

Der wie ris in wyt hynder
en dat hie ien grutte winsk:
hy woe och sa graach oan it wurk
by in moaie jonge prins.

Dus pleatste er in advertinsje
yn it blêd ‘Vorsten’, ’t is gjin grap:
‘Wyt hynder siket prinske
en it leafst in bytsje knap.’

Hy krige ien reaksje
fan ien of oare âlde baas.
Hy kaam hielendal út Spanje
en hjitte fan Nicolaas.

Mar dat wie net wat it hynder socht,
dêrfoar fielde hy ‘m fierste goed.
Hy woe status en in protte oansjen,
in baaske mei keninklik bloed.

Dus pleatste er noch in advertinsje,
diskear yn de kontaktrubryk:
‘Moai jong wyt hynder
siket prinske gelyk.’

En doe krige hy in brief
fan in adelike faam.
Sy socht in prins op in wyt hynder,
dus koenen se ’t moai tegearre dwaan.

En dat holp:
in prins melde him al gau.
Mar hy hie gjin each foar it hynder,
gong er fantroch mei de frou.

En it wite hynder?
Dat learde in les en noch wat oars:
Prinsen op wite hynders
dy komme allinne yn mearkes foar.

út: FeRsefariaasje 2008