troch: Tsjits Peanstra
Alle jierren is ‘t itselde sûnt ik op dy skoalle bin, rint it wer tsjin ús fakânsje, hat de learaar in min sin en dan seit er, jimme moatte hjoed noch mar in skriftlik ha, nije wike is ’t fakânsje en ik wol de sifers ha. O menear, nee menear, jou ús hjoed gjin skriftlik mear, want it waar is fierste moai om hjir yn ’e klas te sitten, op sa’n skriftlik om te switten, nee menear, o menear, jou ús hjoed gjin skriftlik mear. Nije wike mei de fytsen en de tinte wer op reis, nei de see en nei de bosken, alle dagen ûnderweis, mar dan komt ús Frânske juffrou yn ‘e klasse en seit: Sa, oare wike is ’t fakânsje, jim kin moarn in proefwurk ha. En wy sizze: O mefrou, hoe krij’ wy dat húswurk ou, want it waar is fierste moai om deis yn ’e hûs te sitten, op dat proefwurk om te switten, nee mefrou, o mefrou, hoe krij’ wy ús húswurk ou. ‘k Ha gjin oandacht mear by ’t learen, ‘k tink oan Skylge en Maastricht, lekker fuort en sûnder soargen en dy goare skoalle ticht. Net ien proefwurk, repetysje, mar fan elk soms wol twa op ien dei. Jim kin begripe, wy binn’ oan fakânsje ta. O mefrou, o menear, wannear binne wy oait klear, want it waar is fierste moai om noch langer thús te sitten, wy woll’ no de boel ferjitte, wy woll’ mei fakânsje, gau! Ja menear, ja mefrou.