troch: Yttje Cnossen
Us pake Jan kocht lêstendeis in nagelnije fyts. Hy soe der wakker mei op reis nei Ljouwert en Parys. ‘In proefrit is in goeie test, ’ sei pake Jan tsjin ús, ‘dy akku docht it superbest en ik bin sa wer thús.’ Der stode pake as in spear de holle op it stjoer. Wy seagen him al hast net mear. It slydjage der oer. Mar yn ‘e bocht gong er om lyk hy fleach er himsels foarby, kaam hurd te lâne op ‘e dyk, bleau lizzen dêr ’t er lei. No sit er mei de foet omheech achter it finsterrút. De fyts stiet stikken yn ‘e steech en komt der net wer út. Dus komme wy mei in idee, der giet ús neat te mâl. Wy helje by ús neef Renee de e-bakfyts fan stâl. Dêr sit ús pake Jan no yn de minsken wuifje blier. Sa hat dy gipsfoet elkenien in dizze buurt yn ’t spier!