A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Hoe’t it begûn

troch: Elske Kampen

It wie dy kear dat âldjiersnacht kâlder wie
as ea en snie en iis al wikenlang yn
tsjokke rânen fêstbakt sieten oan ’e wâl


Doe’t der yn dy wat nijs ûntstie dat
wifkjend trille as it earste elektrysk ljocht,
syn wei fûn nei dyn iepen jongessiel en
dêr in plakje om foargoed te bliuwen.


Yn dy smûke keamer dêr’t kearsljocht
oer bekers molke en dyn lytse holle hong,
de eagen freegjend en beweechlik.


De radio wie midden op ’e tafel set en
út it binnenst gloeiend as fan lava klonk
om middernacht, as iepene de ierde sels
it hert, in goede winsk yn frjemde talen.


Letter by de feart langút dyn liif, it rikken
nei papieren skippen by de tafel teard en
wjerspegele yn it wetter dyn gesicht.


Wie dat folwoeksen of noch fan in bern en
hoefier koesto doe al sjen en hoefier tinke.
Kaam dêr it langstme dat gjin wurden hie,
wat wit, wat wol in bern fan tolve jier.