DE FOARDRACHTKRIICH YN FÛGELFLECHT

 

It ûntstean

 

Mei de foardrachtkriich wurdt almeast dy fan de eardere Provinsiale Underwiisrie bedoeld. Dêr giet it hjir oer. Dy is yn 1942 út ein set en is noch altyd bedoeld foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis. Oer wa’t yndertiid it inisjatyf nommen hat of hawwe ta it opsetten fan ‘ús’ kriich, is yn it argyf neat te finen.
De Underwiisrie wie yn 1928 ynsteld troch de Steaten fan Fryslân. Artikel fan it karbrief wie sa: ‘Tot bewaring en sterking van het Friesche Volks- en Taaleigen wordt een Provinciale Onderwijsraad ingesteld (-)’. Yn 94 wurdt ûnder de flagge fan en troch de Rie út ein set mei ‘in kriich yn it foardragen fan Fryske poëzij, wêrfoar hja prizen beskikber stelt.’

 

It doel

 

Jierrenlang wurdt de formulearring fan it doel fan de kriich net feroare. Sûnt likernôch 1960 wurdt it net mear omskreaun: der wurdt fan útgien dat elk wol wit, wêr’t de kriich foar is en wy soene it no faaks wat oars formulearje, mar de doelstellings fan doe jilde noch krektsa:
a. befoardering fan de belangstelling foar literatuer yn it algemien en foar de Fryske yn it bysûnder;
b. fuortsterking fan frijmoedigens yn it nei foaren kommen;
c. befoardering fan in goede ‘dicty’.
Der binne sa yn de rin fan de jierren wol wat doelen bykommen, dy’t ôflaat wurde kinne fan de trije haaddoelen:
d. it befoarderjen fan it skriuwen fan poëzij foar jongerein;
e. it fersprieden fan poëzij oer de skoallen;
f. it soargjen foar in foarrie gaadlike gedichten, dy’t by de tiid binne en oansprekke, om foar te dragen.