Der is yn myn túntsje in smûk aardich plakje,
dêr mei ik graach wêze, beskûle yn ’t grien.
Mei boppe myn holle, in ticht blêdedakje
en deun neist myn lisstoel in kikkert fan stien.
Ik foel ris yn sliep en ik dreamde wol sa,
dy froask kaam ynienen, samar, op my ta.
Hy bleau foar my sitten, de lipkes foarút
en frege my leaf om in tút!
Myn mûle dy túte it stienkâlde bistke
en dêr stie ynienen in dreamprins foar my.
Hy gie troch de knibbels en sei: “Leave Hiske,
betanke myn famke, troch dy bin ik frij.
Ik wol mei dy libje, gean mei my op reis,
dan nim ik dy mei nei myn grutte paleis.”
Mar doe waard ik wekker, myn dream wie foarby,
allinnich de froask siet neist my.
No bin ik sa iensum, ‘k kin him net ferjitte,
want hy wie de prins fan myn libben, foargoed.
Ik wol him wer fine, men kin it nea witte,
dus sparje ik kikkerts, dat jout mij wer moed.
Sjoch ik no in froaskje, dan nim ik dat mei,
bring it nei myn túntsje, noch dyselde dei.
En dêr krijt it dan, yn it skymrige ljocht,
in tútsje, as nimmen it sjocht.