troch: Grytsje Kingma
Op it mêd fan iterij Op in roaster, lekker hyt, Ek al binn’ wy wend oan fleis, Mar eins griist it my wat oan,
woll’ se graach wat nijs betinke.
Elk jier komt der wol wat by
om te iten of te drinken.
Mar dit is dochs wol wat gek:
hâlde s’ ús no foar it lapke?
Mei wat nijs: insectensnack,
yn it Frysk in hipperhapke.
yn ‘e oven kinst se bakke.
Sa kinst moai dy hippers kwyt,
‘t is as binn’ se der foar makke.
Aaiwytryk, alhiel net fet,
better as in appelflapke,
pûdsje chips of in kroket,
nim dan mar in hipperhapke!
dat wy op ‘e bôle dogge –
‘t liket wol ast it net meist,
as wy wrimelpoatsjes sjogge…
Wjukjes, eachjes hoeg’ wy net,
mar it is in hiel lyts stapke:
mei panearmoal sjochst se net,
dan yt elk wol hipperhapkes!
‘k wol der leaver net yn bite.
Nee, it is noch net gewoan
om dy bistkes op te iten.
Hâldst se my ûnder de noas,
no dan tink ik: is ‘t in grapke?
Want ik kies it leafst wat oars,
ik hoech wier gjin hipperhapke.