A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Hintsjes

troch: Auck Peanstra

Us heit sei: ‘Ik wol in pear hinnen.
Dat liket my geweldich ta.’
Us mem fûn ’t plan ek net ûnaardich:
dan soene we farske aaikes ha.
Se hellen rôlen gaas en planken:
in nachthok mei in grutte ren.
Getsjoen mei krammen en mei spikers,
heit wie sa bliid as in lyts bern.
It waard in prachtich paradyske.
Se koene mar om tokky’s út
en kochten fjouwer brune Hubarts,
in reade kaam, in stompe snút.
De hintsjes makken wol wat leven,
se fûnen ’t hokje wat te krap.
Heit sett’ it doarke doe mar iepen,
de keakeltsjes dy gien’ op stap.
De blomtún wie it alderearste
dat ’t hinneteam geweken naam.
Us mem daliks yn alle steaten,
se woe dat der in stek om kaam.
De beltsjeblommen yn de potten
dy joegen fuort dernei belies.
De hintsjes baaiden yn de blombak,
it griene gersfjild waard goargriis.
Se skieten op de sinnestuollen,
bekakten it terras en hiem.
Us mem, har sin waard aloan minder,
rôp lûd: ‘En no is it dan dien!’
Nei stêd om gaas, wol tritich meter!
Us hinnen fine ’t echt te gek!
Se skarr’lje fleurich troch it libben,
mar wy… sitt’ altyd achter ’t stek!
(net earder publisearre)