A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

hintsje

troch: Jan Kooistra

gjin foksen dy’t har snipten op ‘e stôk
net in wezeling dy’t har fleach nei de strôt
mar it libben sels en wy
dy’t wachten op in wûnder
domwei wachten op ‘e tsjeaf


yn ‘e nacht
op it strie ûnder de matte
joech se lang om let belies


it famke gûlde
doe’t wy it bistje leine yn in kûltsje
op deade, dôfhûdige blêden fan hjerst
moas deroer en dimmen sinneskyn
troch de sliepbeammen fan it park


en letter
doe’t wy dêr wer ris hinne teagen
tilde it dêr op fan bûtergieltsjes
tochten we allegear itselde
dêr leit ús hintsje
en dêr leit se moai


út: Blues fan ‘e sângrûn