Ik mei gjin iten mear, kin net mear sliepe,
alles giet mis, it âld ferhaal.
As ‘k Hessel sjoch begjint myn hert te bûnzjen,
‘k bin stapelgek op him, dat is de kwaal.
Hy hat in spikerjack en blauwe eagen,
syn hier is swart, eins hiel gewoan.
Kom ik him tsjin dan wit ik net wêr’t ik sjen moat,
ik krij in reade kop, sjoch him net oan.
Wie ‘k mar sa moai en seksy as Taylor Swift,
hie ’k mar net fan dat tinne fiterhier.
Koe ‘k mar sa dûnsje as myn âldste suster,
dan seach er my wol stean yn ‘t frij kertier.
Ik wol gjin oarenien, allinnich Hessel,
hy is gewoan te gek, ik fal op him.
As ‘k mei him praat soe ‘k him dat sizze wolle,
mar ‘k doar net heal, aanst wegeret myn stim.
Ien tút fan him dan wol ‘k wol stjerre,
dat sis ik wier net foar de sjo.
As ‘k by him lâns rink rij ik sloppe knibbels,
‘k bin smoarferlyfd, hoe moat dat no?