A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Herr Fliber

troch: Elbrich Vreeling

Allinne by de lessen Dútsk
binne Rens en ik op tiid.
We wachtsje by de doar
yn ’e hoop dat nimmen oars dêr stiet.


Sa kinne wy it bêste plak útsykje
fier fuort fan ús dosint
Hy is wol freonlik, hear, mar
it is wier in hiel aparte fint.


Simmers rint hy op sandalen,
mei breiden sokken der faak yn.
Syn azem stjonkt nei aai en blomkoal,
sipel, fisk en reade wyn.


Elke dei hat hy deselde trui oan;
in trui fan sigaret en swit.
Mar it slimste fine wy wol dat hy flybket
en dat hy dat sels net wit.


Herr Fliber neame wy him, want
hy praat mei dripkes fol flyp.
Eins moatte we der ek wol wer om laitsje,
mar dat dogge we yn it genyp.


Sagau’t hy sprekt, dan reint it spatten
op tafels, boeken en op klean.
Moatst dus nea wat oan him freegje,
want dan komt hy by dy stean.


Mar hiel soms sitte we foaroan,
as wy ús rapport hast krije sille.
Dan lûke we de reinjas oan
en is it dien mei alle wille.


We fine Dútsk ynienen übertoll en
dogge krekt as witte we der alles fan.
Drage koarte rokjes, lippestift en
laitsje om de grapkes fan dy earme man