A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Heit

troch: Giny Bastiaans

Ik hear de minsken wol praten.
Ik sjoch de minsken wol sjen.
Se rabje oer út heit en
se rabje oer ús mem.

 

Minsken fregen my ek wol:
Hoe giet it no by jim?
Foar dy is ’t ek wat fanke,
sa sûnder jim heit, wat slim.

 

Dan stoarme en siede it yn my,
mar ik stie as in linepeal.
Ik seach neat. Ik sei neat,
ik tocht wol: Jim witte net heal.

 

Mar hjoed seach ik fan krokussen
de blikke bliereblau.
Fan Bijke’s jonge hûntsjes
wie it lytste der al ôf.

 

‘k Moast oan in lietsje tinke,
dat wy songen mei elkoar.
Ik wie de wize ferjitten,
mar myn fytske song it foar.

 

Want hjoed hâld ik my net mear stil.
Oars tink ik dat ik stik.
Dy’t rabje wol giet mar syn gong,
en dy’t harkje wol sis ik:

 

Ik mis se net dy rûzjes.
It is thús wer smûk en mei ’t?
Us mem hat in nije, leave man
en hjoed neam ik him: heit.

 

(Út: argyf FeRsefariaasje)