Hjoed sis ik neat mear.
Gjin hap komt my troch de kiel.
Hjoed kin ik net laitsje
om’t ik my sa fertrietlik fiel.
Ik wit it wol, it heart der by.
Oan alles komt in ein.
Mar as dy tiid dan komt
is dat sa maklik sein.
Ik wit it wol, do bist net myn echte heit.
Mar do wiest altyd by ús.
Do hiest ferkearing mei ús mem.
Do heardest by ús thús.
No is it hûs sa leech en keal.
Wa leit my no myn sommen út?
Wa docht er in spultsje mei my.
Wa stiet er te wiuwen foar’t rút?
‘Hy wie dochs net dyn echte heit.’
Docht it dan net sear?
It is allegearre sa maklik sein.
Hy wie myn heit en noch folle mear.
Mem, ik bin sa boas op dy.
Wêrom bisto sa lilk him?
Wêrom stjoerdesto him foart?
Hâldsto no net mear fan him?
Please mem, meitsje it wer goed.
Dan doch ik alles wat mem seit.
Mem, asjebleaft!
Ik wol gewoan in heit!