As myn wrâld leech is.
As ik net mear tinke wol.
Dan gean ik nei bûten ta,
en dream de oeren fol.
Want lizzend yn it hege gers,
driuwe dreamen foarby.
Myn hope, winsken,
alles is heech boppe my.
Dream ik my in krokodil,
mei in feesthoed en in strik.
In pappegaai yn hûndert kleuren.
In hoanne mei in sik.
In dino mei in kúf.
In hûn dy’t fleane kin.
In mûs mei trije koppen.
In ko mei in pûkel op ’t kin.
In bistetún fol wûndere wêzens.
Blaast de wyn troch de iepen loft.
Dat ik dêr dan allinne lis,
ferjit ik foar in skoft.
Giesto in kearke mei my mei.
Op in bewolke dei?
Nimst dyn fantasy dan mei?
Dan dream ik ús de wei.