A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Healstôk

troch: Ciska Noordmans

Hjoed wapperje de flaggen
banieren dûnsje yn ’e wyn
De âldsten út ’e strjitte trienje
al is it ek in minskelibben lyn


Sy ferhelje fan wite bôle en sig’retten
opslûpen jonges noch, yn tanks
befrijing, feest en fiere
mei Kanadezen en de Yanks


Fan famylje ûnderdûkt yn kelders
ferdreaun, fermoarde en ferweesd
Sy wolle noait mear oarloch
noait mear, noait mear copy paste


As ’t lûd fan de last post ferdampt
en de tsjerkeklokken klinke
lit ús dan stil en ynkeard swije
ús striders, fermisten hjoed betinke


De âldsten út ’e strjitte trienje
Al is it ek in minskelibben lyn
Moarn wapperje de flaggen

-fûleindich –
Dûnsje banieren yn ’e wyn