Wy dy´t fytse,
grut of lytse
gean de diken oer
auto´s avenseare
toeters protesteare:
hannen oan it stjoer.
Eigen strjitte
´t doarp ferlitte
fierder fan de toer
earst noch even wenne
dan de stêd ferkenne:
hannen oan it stjoer.
Wy dy´t sizze:
grins ferlizze
is in aventoer
mar op nije wegen
´voor de wind of tegen´
hannen oan it stjoer.
Sa´t wy binne
wat wy kinne
stek de dyk mar oer
mei ús dreamen, winsken
lyts´ of grutte minsken:
hannen oan it stjoer.
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023