A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Guerilja

troch: Berber Spliethoff

Ik lis op myn bûk yn ’t hege gêrs.
Stadich krûp ik tichterby.
Ik hâld myn proai goed yn it fizier.
It bist is noch rêstich,
it hat no noch wille en fertier.
Mei in kundich each
bepaal ik de rjochting fan ‘e wyn.
Gjin ien sil my rûke, hearre of sjen.
Ien ferkearde beweging
en ik bin ferlern.
Myn spieren stean fan spanning stiif.
Myn hert bûnzet as in gek.
Myn neilen klauwe yn ‘e wiete grûn.
Ik bin machtich, ik bin sterk.
Eins ha ik dizze striid al wûn.
En dan, myn sprong…
Hannen dy’t gripe,
Tosken dy’t bite.
Neilen dy’t klauwe.
En bloed, ik sjoch bloed.
Mar ik bin krêftich.
Ik bin ûnoerwinlik.
Ik bin sa sterk as in minske wêze kin.
Ik bin hearsker.
Ik win.
Moedich stean ik op en rin nei ’t stek.
Ik hâld it bist yn in izeren greep.
‘Sjoch buorfrou, hjir is jo poes werom.
Nee, fansels, it wie gjin muoite,
dêr draai ik myn hân dochs net foar om?’
(net earder publisearre)