Heit betocht in nije hobby,
griente kweke yn in kas.
Hy sei, ik ha griene fingers,
dus dat komt my goed fan pas.
Boppedat is it goedkeaper,
handich en geweldich sûn.
Beantsjes, blomkoal en tomaten
komme aanst fan eigen grûn.
Hy begûn mei sied yn bakjes,
en it spul kaam ek noch op.
Mar it slaad wie foar de slakken
en de bieten bleaune slop.
Op ’e koaltsjes kropen rûpen,
skimmels lesten graach courget.
Om ’e woartels dûnsen michjes,
ek de sprútsjes rêden ‘t net.
Inkeld yn it fierste hoekje,
die de bamboeplant it bêst.
Dy groeit no de hiele tún troch,
jout sels by de buorlju lêst.