A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Gong is alles

troch: Youvan Bergsma

As ik wekker wurd
stiet myn holle al oan.
As in kearnsintrale,
as de Brandweer
It giet los!


Sûnder ferbân
fljocht fan alles foarby.
Net by te hâlden.
Myn gedachten giselje,
oer hjoed, oer moarn, oer juster,
oer tv, film, telefoan, TikTok,
freonen, skoalle,
heit, mem, game…
En dat allegear yn in
split second!


Ik kin mysels net útsette,
al soe ik dat faak wol graach wolle.


‘Wurdsto noait wurch fan dysels?’
frege ús heit.
Domme fraach!
It moat troch, troch, trochdinderje yn myn holle.
Dat haw ik dúdlik net fan him.


Myn suske spilet soms piano,
dan wurdt it rêstich yn myn holle.
Ik doch de eagen ticht
en dream even fuort…


Mar net te lang,
want de turbo en de
kearnsintrale moatte wer troch!
Gong is alles!


Soms woe ik dat ik mysels
hiel even útsette koe.