A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Geskink

troch: Neeltje Bonnema

Somtiden, mar eins hiel faak
winskje ik sipressen op it sigerige bolwurk,
in katedraal mei gouden ljocht en
strakblauwe loften boppe âlde platanen.


Mar earder binne it seedampen
en stive pûsters út it westen wei
dy’t my huverje litte
yn klomsk selsbeklach.


Dan, as in geskink, in blinken
en aloan mear dagen mei Bennerloften
en kloften fûgels,
mei sêfte wyn út it suden wei.


Ik waarmje my oan ‘e sinne
op in terras yn ‘e Akadeemjestêd,
heevje it glês op wite petten
mei altyd itselde keatsgeswets.


Nei sa’n lichte dei,
jout it brûzjend bloed
him yn de neinacht stadich del
en fiel, der slûpt in kâlde dize oer de grûn.


út: Myn hert dat trillet my, 2003

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.