A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Gedichten

troch: Berber Spliethoff
Ik ha neat mei gedichten.
Die rimelerij stiet my net oan.
Metaforen, bylden, tsjonge jonge.
Sis it dan gewoan!

It libben is dreech genôch.
Poëzy makket dat wier net better.
‘It gedicht moat streame’ seit master.
‘K moat no al pisje fan al dat wetter.

‘Ritme is alles.’ fynt ús mem.
Mar roffel ik je ik op it tafelblêd,
bin ik in kultuerbarbaar.
Ik bin it geseur mear as sêd.

‘Besykje it te fielen.’ seit heit.
No, die yrritaasje fiel ik wol.
‘Libje dy yn, wat in passy!’
Ik hâld dit echt net langer fol!

Nee, ik haw neat mei gedichten.
Mar spitich genôch foar elkenien,
stiet moarn myn foto yn de krante.
want mei foardragen bin ik nûmer ien.



Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023